Maintenance Engineer Food

Heerenveen Op aanvraag

Maintenance Engineer Food

Foar in grutte produsint fan suvel produkten foar de konsumintenmerk, bin wy op syk nei in ervaren Maintenance Engineer foar de produksje lokaasje yn It Hearrenfean. Hasto in tal jierren ûnderfining as Wurk Preparater, of as liedingjaande yn in technyske ûnderhâld ploech en bisto klear foar in folgjende stap? Wy komme graach mei dy yn kontakt!
Dit fan ‘e earsprong Nederlânske bedriuw is in gearfoeging fan twa famylje bedriuwen
dy al rom 100 jier oan de wei timmerje en is tsjintwurdich mei 22 fêstigingen binnen en bûten de lân grins aktyf, mar behâldt noch hieltyd syn ynformele en ûndernimmende manier fan wurkje.

Funksje omskriuwing Maintenance Engineer Food

Yn dizze funksje bisto ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan it besteande masjine park en de planning en koördinaasje hjirfan, dyn wichtichste taken sille weze:

  • Organisearje en planne fan de te ferrjochtsje (technyske) wurksumheden, sadanich dat de wurksumheden konform opdracht binnen de stelde tiid, budzjetten en (feilichheids)noarmen wurde útfierd;
  • Opstelle jier plan ûnderhâld yn gearwurking mei it Haad Technyske Tsjinst, oan de hân fan technyske spesifikaasjes, budzjet mooglikheden, ôfstimming produksje planning en partners;
  • Oanstjoere, ynstruearje en begeliede fan meiwurkers dy fia leveransiers, al dan net yn gearwurking mei eigen monteur(s) ynspeksje en/of previntyf ûnderhâld útfiere;
  • Monitorje fan de útfiering fan wurksumheden yn termen fan kwaliteit en kwantiteit en it beweitsje fan de avensaasje;
  • Monitorje fan de konformiteit mei bedriuws- en feiligens regeljouwing;
  • Ûntwerpe en oanpasse wêr’t it nedich is fan ûnderhâld skemas (grut ûnderhâld, lyts ûnderhâld, previntyf ûnderhâld etc.);
  • Tariede en tawize fan wurksumheden en it organisearjen fan daaglikse gong fan saken yn gearwurking mei de Wurk Preparater;
  • Helpe by it oplosse fan steuringen yn de produksje;
  • Op basis fan analyzes fan technyske steuringen en advizen fan leveransiers, foarstellen meitsje foar it útfiere fan ynspeksjes en previntyf ûnderhâld;
  • Dwan fan ferbetterje foarstellen oan de hân fan KPI’s, evaluaasje rapporten en data-analyze.

Funksje kritearia Maintenance Engineer Food

De ideaale kandidaat foar de funksje fan Maintenance Engineer foldocht oan de folgjende kritearia:

  • Op syn minst MBO+ / HBO wurk- en tinknivo;
  • Ôfrûne oplieding MTS+;
  • Meardere jierren wurkûnderfining yn in technyske funksje (Maintenance Engineer, Wurk Preparater of liedingjaande fan in technyske ûnderhâld ploeg);
  • Ûnderfining yn de food yndustry;
  • Hands-on, no-nonsens en goed yn it oplosse fan swierrichheden;
  • Goed kennis en behearsking fan de Nederlânske taal.

De oanbieding Maintenance Engineer Food

Wat wy biede yn dizze funksje, is in tige dynamyske en ynnovative wurk miljeu yn in hypermoderne fabryk. In yn oerienstimming mei de merk primêre en sekundêre beleaning konform Suvel CAO, fansels basearre op opliedingnivo en relevante ûnderfining binnen in produksje miljeu.

Categorie

jobbird

Contactpersoon

N van den Brink
T: +31 6 5757 4882

13-02-2019 Independent Mobility
Medewerkers
Niek van den Brink
Meer details
Match criteria
Branche
  • Overig
  • FMCG
  • Machinebouw
  • Industrie
  • Utiliteit / Installatietechniek
Regio/provincie
  • Friesland
Opleiding
  • MBO
  • HBO
Dienstverband
  • Vast
Salarisindicatie
  • 2500 - 3000
  • 3000 - 3500
Anderen bekeken ook deze vacatures:
Vacatures zoeken
Independent Recruiters Groep BV gebruikt cookies om bepaalde voorkeuren te onthouden en vacatures af te stemmen op je interesses.
Close